Woensdagmiddag, 28 oktober 2020, komt ‘Berneboeke-ambassadeur’ Lida Dijkstra in onze praktijk voorlezen uit Friese kinderboeken.
Lezen is prachtig en in deze steeds digitaler wordende wereld is het voor kinderen extra belangrijk om te ontdekken hoe leuk lezen wel kan zijn, ook in het Frysk.

“Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Frysk en yn it Nederlânsk, en set sels har wurk fan de iene nei de oare taal oer.
Neist printeboeken (Mûske myn famke, Knipperke, Pykje Fjouwer), en boeken foar begjinnende lêzers (Ridder Jet, De tún fan Trip) skriuwt sy ek foar âldere jeugd. By dy boeken (Wolken fan Wol, Spegelspreuk, Wenje yn in Skilderij) lit sy har graach ynspirearje troch(keunst)skiednis, har eardere fakgebiet.
Lida hat u.o. twa kear de Simke Kloostermanpriis, de priis foar it bêste Fryske berneboek, wûn. Fan 2015 ôf is sy Skoalskriuwer. Fan 2020 ôf is sy foar twa jier beneamd as Berneboekeambassadeur.
(ynformaasje fan de Afûk)
Foar mear ynformaasje: www.lidadijkstra.nl ”

‘Het beest met de kracht van tien paarden’ van Lida Dijkstra genomineerd voor Boekenleeuw
Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan
Op 1 oktober 2020 werd bekend gemaakt dat schrijfster én ‘Berneboeke-ambassadeur’ Lida Dijkstra met haar boek ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ is genomineerd voor de Boekenleeuw.
De Boekenleeuw is de Vlaamse prijs voor het beste kinderen- en jeugdboek van Vlaanderen en Nederland. Op 2 november a.s. wordt de winnaar bekend gemaakt.
Het boek verscheen bij uitgeverij Luitingh Sijthoff en is op dit moment in herdruk. Eerder werd het boek ook al uitgekozen als ‘kerntitel‘ voor de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen. Tegelijk met de nominaties voor de Boekenleeuw werden ook de nominaties voor de Boekenpauw bekend gemaakt. Dat is de prijs voor het mooist geïllustreerde kinder- en jeugdboek.



Berneboeke-ambassadeur op besite yn de wachtkeamer fan de ortodontist
“In bytsje bryk is minskelyk”, sa stiet op de stoepe by Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Mar it Frysk is net allinne op de stoepe te finen, fan no ôf kinst ek yn de wachtkeamer dyn tosken deryn sette. Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra hat ôfrûne wike yn de wachtkeamer foarlêzen út ferskate Fryske boeken. Fan eigner Daniël van der Meulen mochten de wachtsjende bern nei ôfrîn de moaiste boeken útkieze, dy’t er dêrnei oanskaft hat foar syn praktyk.
Skriuwster Lida Dykstra is sûnt begjin 2020 de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It earste part fan 2020 hat Lida al oan in soad basisskoallen in besite brocht, mar der is sáfolle mear mooglik. En in foarlêsmiddei yn in praktyk heart dêrby absolút ta de mooglikheden.
In iepening fan in skoalle of gebou, in lêzing foar âlders en masters en juffen (offline, mar ek online!), in moaie berneboeke-aksje foar in organisaasje of gewoan as fraachbaak foar fragen oer it Frysk lêzen en Fryske berneboeken. De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês-en boekwille te fersprieden, yn de breedste sin.
Orthodontiepraktijk Leeuwarden hat nei ôfrin santjin Fryske berneboeken oanskaft dy’t bern yn de wachtkeamer lêze kinne.
Afûk, 2 novimber 2020

https://afuk.frl/berneboeke-ambassadeur-op-besite-yn-de-wachtkeamer-fan-de-ortodontist/